Ekstra maatregels foar komst Oekraynske aktivist nei Ljouwert

24 aug 2018 - 17:42

Nimmen minder as de ynternasjonaal ferneamde feministyske aktivist Inna Sjevtsjenko is woansdei 5 septimber haadpersoan yn de earste útstjoering fan IepenUP Live, de wyklikse talkshow yn Neushoorn Café yn Ljouwert.

Inna Sjevtsjenko - Foto: ANP

Sjevtsjenko komt oarspronklik út Oekraïne. Se wie lieder fan de trije Femen-aktivisten, doe't se troch de Wyt-Russyske KGB ûntfierd waard en mei de dea bedrige. Se waard benammen bekend doe't se yn 2012 in houten krús fan fjouwer meter heech mei in kettingseage omseage út protest tsjin de arrestaasje fan de Russyske punkgroep Pussy Riot.

De aktivist, dy't har protestaksjes faak topless útfiert, is asyl ferliend troch Frankryk en koördinearret har aksjes tsjintwurdich út Parys wei. Har komst nei Ljouwert makket fanwegen eardere bedrigingen, ekstra feilichheidsmaatregels needsaaklik.

Suksesfol

Mei gasten as Jan Terlouw, Afshin Elian en Annabel Nanninga kin de redaksje fan IepenUP Live weromsjen op in suksesfol earste seizoen, mei net allinne alle wiken in folle seal mar ek fia Facebook mei in berik fan hast 30.000 sjoggers.

Foar de kommende útstjoeringen, alle woansdeitejûnen tusken 20.00 en 21.30 oere yn Neushoorn Café stean ûnder oaren Theo Hiddema, Piet Hein Eek en Henk de Jong as gasten op it programma.

IepenUP Live is te folgjen fia de webside en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op Facebook. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân en LF2018.

Trefwurden: 
LF2018 Omrop Fryslân IepenUP
(advertinsje)