Nyck de Vries pakt syn earste poleposition yn de Formule 2

Nyck de Vries fan Twellingea hat freedtemiddei yn België de earste poleposition yn syn Formule 2-karriêre behelle. De Fryske autokoereur sette in tiid fan 1.56.054 del op it sirkwy fan Spa-Francorchamps. Dêrmei wie er hast in heale sekonde rapper as klassemintslieder George Russell.
Nyck de Vries © www.orange-pictures.nl
De Brit sette in tiid fan 1.56.457 del yn de kwalifikaasje. Tredde waard Sérgio Sette Câmara, dy't der yn de frije training ek al goed by siet.
Nyck de Vries begjint dêrom sneon as earste oan de haadrace op it Belgyske sirkwy. Dy wedstriid begjint sneon om 16.45 oere. Op sneintemoarn wurdt dan noch de sprintrace op Spa-Francorchamps hâlden.