"Ljouwert ferkwânselet beskerme doarpsgesicht Wergea"

24 aug 2018 - 17:03

De gemeente Ljouwert hie nea in fergunning jaan mochten foar in dakkajút op in pân oan de Grote Buren yn Wergea. Dat fynt in ynwenner fan it doarp. Dy sei freed by in sitting by de Ried fan Steat dat Ljouwert dêrmei it beskerme doarpsgesicht fan Wergea ferkwânselet. De man wennet njonken it pân dêr't de dakkajút op boud is en sjocht der út syn tún wei op út.

It gebou fan de Raad van State yn Den Haag - Foto: Wikipedia, Creative commons

De buorlju begripe de ophef net. Dy sizze dat it mar om in lytse dakkajút giet. Ien fan de rjochters fan de Ried fan Steat wie dat mei har iens. Dochs fynt de beswiermakker dat de gemeente op de fingers tikke wurde moat, omdat dy de wolstânseasken net strang genôch yn de gaten hâldt.

De wolstânskommisje hat it bouplan foar de dakkajút twa kear ôfkard, in tredde kear kaam it der wol troch. En doe joech de gemeente de fergunning. De Ried fan Steat docht oer likernôch seis wiken útspraak.

Trefwurden: 
Ljouwert Wergea dakkajút
(advertinsje)
(advertinsje)