Twadde fertochte (26) fan plofkreak De Lemmer oanhâlden yn België
De plysje hat tongersdei in twadde fertochte oanhâlden op fertinking fan belutsenheid by de plofkreak op in pinautomaat op De Lemmer, yn maaie foarich jier. It giet om in 26-jierrige ynwenner fan Urk. De fertochte waard yn België oanhâlden en is oerbrocht nei de finzenis yn Ljouwert.
De plofkreak, dy't in soad skea feroarsake, fûn plak 'e betide moarn fan 16 maaie 2017. Dat barde by de pinautomaat by de supermerk oan it Verlaet op De Lemmer. Fanwegen de mooglike oanwêzichheid fan eksplosiven waard de Explosieven Opruimingsdienst (EOD) fan definsje ynset.
Earste oanhâlding
Yn desimber foarich jier waard al in 20-jierrige ynwenner fan De Lemmer oanhâlden foar de plofkreak. De rjochtbank fan Grins besleat yn juny dit jier dat de fertochte syn strafsaak yn frijheid ôfwachtsje mei.