Dieder stekpartij Lübeck opnommen yn psychiatryske ynrjochting

De man dy't ôfrûne moanne yn in bus by it Dútske Lübeck mei in mes op passazjiers ynstuts, is opnommen yn in psychiatryske ynrjochting. Dat hat it Iepenbier Ministearje yn Lübeck bekend makke. De man soe neffens saakkundigen lije oan in foarm fan paranoïde skizofreny.
© ANP
De 34-jierrige man, in Dútser fan Iraanske orizjine, besocht op 20 july dit jier brân te stichtsjen yn in bus by Lübeck. Dêrnei stuts er mei in mes meardere minsken, wêrûnder twa Fryske toeristen. Ien fan har, in 21-jierrige man, rekke swierferwûne en lei in skoft op 'e intensive care.