Nyck de Vries de rapste yn frije training Spa-Francorchamps

24 aug 2018 - 15:48

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea hat freedtemiddei yn België de bêste tiid delset yn 'e frije training fan de Formule 2. Op it sirkwy fan Spa-Francorchamps brocht De Vries in tiid fan 1.58.125 op 'e klok. Dêrmei wie er krekt tsientûzenste rapper as de Braziliaan Sérgio Sette Câmara. De lieder yn it klassemint, George Russell, ried de tredde tiid.

Nyck de Vries - Foto: www.orange-pictures.nl

De Fryske koereur fan it team fan Prema is dêrmei goed begûn oan it Formule 2-wykein yn België. De kwalifikaasje begjint freedtemiddei krekt foar fiif oere.

(advertinsje)