Amelanner bunkers 'heakje net soad ta' en bliuwe ûnder sân

De bunkers yn it Oerdduun en de Bureblinkert op It Amelân bliuwe ûnder it sân. Dat seit kultuerwethâlder Ellen Bruins Slot fan It Amelân.
Bunker op It Amelân © Omrop Fryslân
Riedslid Jeroen de Jong hie graach wollen dat de twa bunkers, oerbleaun fan de Atlantikwall, útgroeven en iepensteld wurde soene. Mar neffens de wethâlder hat It Amelân meardere bunkers dy't no opknapt wurde, dy't it ferhaal oer de oarloch goed genôch fertelle.
De twa bunkers dêr't De Jong op doelt, heakje net in soad ta, seit ek direkteur Joop de Jong fan de Stichting Amelander Musea. "Wij hebben indertijd zeer bewust gekozen om de keukenbunker te ontgraven en geschikt te maken als bunkermuseumpje," seit De Jong oer it bunkerkompleks by Hollum. "Het ligt midden in een groot verborgen bunkercomplex en logistiek prachtig aan een mooi fietspad."

App

Der wurdt yntusken wurke oan it ûntsluten fan in Tobruk (skuttersput) op it Engelsmanduun. En de twa manskippebunkers yn de Tonnedunen oan it Suudwest fan It Amelân wurde tagonklik makke. Mooglik dat noch in lytse bunker yn de Hollumer bosk iepensteld wurdt, mar dat is it dan ek. Dan is it bunkerferhaal wol kompleet, seit Joop de Jong.
Lâns de bunkers op it Suudwest komt in lytse rûte dy't mei help fan in app kuierjend en fytsend te folgjen is. Dy rûte is takom jier klear, is de ferwachting.