Omrop TIP: De tocht fan Maarten van der Weijden

24 aug 2018 - 15:44

Yn trije dagen groeide hy út ta de 'Held van het Noorden': swimmer Maarten van der Weijden. Syn Swimalvestêdetocht makke in soad los yn sawol Fryslân as Nederlân. Omrop Fryslân makke in kompilaasje fan de tocht en stjoert dy freed 24 augustus út fan 18.45 oere ôf. Yn it programma 'De tocht fan Maarten van der Weijden' binne bylden te sjen dy't makke binne troch Omrop Fryslân, de NOS, mar ék fan josels, it publyk!

De tocht fan Maarten van der Weijden - Foto: Omrop Fryslân

Omrop Fryslân hat ôfrûne wike minsken oproppen om harren eigen filmkes yn te stjoeren foar de kompilaasje. Mei troch dy sfearfolle filmkes is it programma 'De tocht fan Maarten van der Weijden ta stân kaam.

Op sneon 18 augustus begûn Van der Weijden oan syn tocht. Trije dagen en nachten lei hy al swimmend de Alvestêdetocht ôf om jild byinoar te krijen foar ûndersyk nei kanker. Nei 163 kilometer en 55 oeren swimmen, moast Maarten syn Swimalvestêdetocht stake.

De tocht fan Maarten van der Weijden is freed 24 augustus fan 18.45 oere ôf te sjen op telefyzje by Omrop Fryslân.

(advertinsje)