Wetterkwaliteit by Dokkum nei rioellek no wer op nivo

24 aug 2018 - 15:26

De rioelwettersuveringsynstallaasje yn Dokkum is nei in perioade fan technyske problemen wer yn gebrûk naam. Troch in ûndergrûnske liedinglekkaazje twa wiken lyn, wie der suveringsslib yn it Dokkumer Grutdjip telâne kaam. It lek waard daliks reparearre, dochs joech it wetterskip it advys om net te swimmen tusken Dokkum en de Lauwersmar. Ek waard ôfret om it wetter as drinkwetter foar fee te brûken.

Foto: De Vries Media

It wetter is de lêste tiid trochspield. De wetterkwaliteit yn de omjouwing fan de suvering is no toetst en lit gjin ôfwikings mear sjen. It wetterskip riedt dochs ôf om yn de buert fan rioelwettersuveringsynstallaasjes te swimmen.

(advertinsje)