150.000ste besiker foar Escher-útstalling yn Fries Museum

24 aug 2018 - 14:41

Marije Hendriks en har heit Bert Hendriks fan De Himrik wiene freedtemoarn de 150.000ste besiker fan de Escher-útstalling yn it Fries Museum. Se waarden opwachte troch direkteur Kris Callens, dy't harren ferraste mei de orizjinele print Eenhoorns út 1950 fan M.C. Escher.

It Fries Museum yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens Callens binne der nei fjouwer moannen Escher op Reis al likefolle besikers nei it museum kaam as yn de fjouwer moannen duorjende eksposysje Alma-Tadema: klassieke verleiding. De eksposysje iepene op 28 april en duorret noch twa moannen, oant 28 oktober. Besikers wurdearje de útstalling gemiddeld mei in 8,4. Fanwegen de drokte hat it museum de iepeningstiden ferromme.

(advertinsje)