Frou IJmkje Esveld-Visser út Harns wurdt 102: "Gewoan doorzette"

24 aug 2018 - 14:21

"Gewoan doorzette." Dat is it kredo fan IJmkje Esveld-Visser út Harns. Sneon wurdt se 102 jier en is dêrmei de âldste ynwenner fan de gemeente Harns. Frou Esveld wennet noch gewoan op harsels, mei wat help fan de bern. Sneon hat se in feest mei de famylje, mar freed kaam lokoboargemaster Harry Boon al efkes del mei blommen en in attinsje, en fansels de lokwinsken.

IJmkje Esveld-Visser

Frou Esveld waard yn 1916 berne yn Frjentsjer yn in gesin fan 9 bern. Heit siet op see en mem wie thús. De mem fan frou Esveld stoar al jong, doe't se 37 jier wie. De bern moasten it doe sels rêde. "Ik hew best wel een druk leven had", seit frou Esveld. Ien fan de broers wie beheind en moast ek bot holpen wurde.

Selsredsum

Doe't IJmkje 29 wie, troude se en ferhuze se mei har man nei Harns. Al 73 jier wennet se oan it Scheffersplein. En dêr giet se ek net mear wei, as it oan har leit. Frou Esveld docht it measte noch sels, mar krijt wol help fan har bern. Har dochter makket alle moandeis skjin. Fierders rêdt se har bêst. Se siedt sels har iten en borduere docht se ek noch altyd.

"Der mut niks tussenkomme, want dan slút ik liever de oogjes en wegweze."

IJmkje Esveld-Visser

Fit

Se fielt har noch goed fit. As it sa bliuwt wol se noch wol in pear jier fierder. Mar dan moat se wol goed bliuwe, seit se. "Der mut niks tussenkomme, want dan slút ik liever de oogjes en wegweze."

IJmkje Esveld-Visser fiert har jierdei sneon mei sa'n 40 minsken út de famylje. Se hat al 9 achterbernsbern en de 10e is op komst.

Trefwurden: 
Harns jierdei
(advertinsje)
(advertinsje)