LIVE: It IFKS Skûtsjesilen by De Lemmer

24 aug 2018 - 14:15

De skûtsjes fan de Grutte A yn it IFKS skûtsjesilen sille freed los foar de earste dei by De Lemmer. Op de Iselmar wurdt fansels wer striden om de deiwinst. Dy kin ek grutte gefolgen ha foar it klassemint. It belooft in spannende wedstriid te wurden op de ien nei lêste dei fan de IFKS. Wa komt der as earste oer de finish? Folgje it live!

UPDATE: Fanwege de hurde wyn is de wedstriid útsteld, sa lit de organisaasje witte. As der om 18.00 oer noch net syld wurde kin, dan giet it skûtsjesilen by De Lemmer freed net troch.

Skipper Geale Tadema mei it skûtsje It Doarp Eastermar wûn tongersdei by Ychtenbrêge. Hy is ek koprinner yn it klassemint. It skûtsje Drie Gebroeders fan Arend Wisse de Boer stie twadde, mar krige tongersdei 17 strafpunten foar in oanfarring mei It Doarp Eastermar en sakke werom nei it fiifde plak yn it klassemint. Dy strafpunten mei hy lykwols wol weistreekje as minste wedstriid.

Trefwurden: 
De Lemmer skûtsjesilen IFKS
(advertinsje)