De skea troch de drûchte fertsjinnet it predikaat 'Ramp'

24 aug 2018 - 14:07

De skea dy't in soad bouboeren hawwe troch de drûchte fertsjinnet it predikaat 'Ramp'. Dat seit foarsitter Teun de Jong fan de Nederlandse Akkerbouw Vakbond (NAV).

Teun de Jong, fs. Nederlandse Akkerbouw Vakbond - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Neffens De Jong komme bouboeren yn bepaalde gebieten mar op sa'n 30% út fan wat gewoanwei fan it lân komt. De NAV hat dêrom in brief nei minister Carola Schouten stjoerd mei de oprop om dit as 'Ramp' te bestimpeljen. Yn dat gefal kin in berop dien wurde op de 'Wet Tegemoetkoming Schade bij Rampen'.

De skea treft neffens de Jong benammen boeren mei lân op hege sângrûnen en op plakken dêr't it ferbean wie om te bereinen. Wageningen Universiteit moat dan oanjaan foar hokker regio's it predikaat 'Ramp' jilde moat. Fryslân falt dêr, neffens de Jong, foar it grutste part bûten.

De fersekeringspreemjes binne te heech, de betingsten te strak en it eigen risiko te grut.

Teun de Jong, foarsitter fan de NAV

It argumint dat boeren har mar fersekerje moatte, giet yn dit gefal net op, seit de NAV-foarsitter. "De preemjes bin te heech, de betingsten te strak en it eigen risiko te grut. Oer in nije opset fan fersekeringen foar gewaaksen, wurdt mei ferskate partijen al wol oerlein, mar dêr hawwe boeren no fansels neat oan."

Harkje nei de bydrage fan ferslachjouwer Rene Koster

Trefwurden: 
drûchte NAV Teun de Jong
(advertinsje)
(advertinsje)