Nije strafpunteregel IFKS ynlutsen: systeem is net wetterticht

24 aug 2018 - 12:53

De IFKS hat dit jier in nije regel, mar de útfiering dêrfan is de ôfrûne wike ferskate kearen misgien. De nije regel hâldt yn dat der foar de wedstriden bemanningslisten ynlevere wurde moatte by de wedstriidkommisje. Minstens tsien skûtsjes yn de hiele float hawwe dêr flaters yn makke en trije strafpunten foar krigen. Yn de Grutte A giet it om de Eelkje ll, de Zes Gebroeders en it Swarte Wief.

De wedstriidkommisje hat freedtemoarn lykwols bepaald dat alle strafpunten dêrfoar no ynlutsen wurde. Neffens de kommisje blykt it systeem net wetterticht te wêzen.

IFKS Skûtsjesilen - Foto: Martin de Jong

Hurde wyn op De Lemmer

De skûtsjes fan de Lytse A-klasse fan de IFKS binne freedtemoarn op De Lemmer net start fanwege de hurde wyn. De B-klasse sette wol útein, mar de gruttere skûtsjes hiene lêst fan de hurde wyn. Twa skûtsjes moasten it wedstriidwetter ferlitte en twa oare binne net fan start gien.

Trefwurden: 
skûtsjesilen IFKS
(advertinsje)
(advertinsje)