Hûnderten liters disel yn it wetter yn 'e haven fan Harns

By it tanken fan in frachtskip fan Doeksen binne freedtemoarn om 9 oere hinne yn 'e haven fan Harns hûnderten liters disel yn it wetter telâne kaam. Rykswettersteat hat de opdracht jûn it wetter skjin te meitsjen.
© Omrop Fryslân, Alle Faber
Der binne oaljeskerms en absorpsjemateriaal pleatst dy't foarkomme moatte dat de oaljeplak him fierder útwreidet. In skjinmakbedriuw is freed noch de folsleine dei dwaande om it wetter skjin te meitsjen.