Oarsaak brân yn kampearbuorkerij Eastermar kin net achterhelle wurde

De oarsaak fan de brân woansdei by kampearbuorkerij yn Eastermar kin net achterhelle wurde. De plysje hat alle oanwêzige fakânsjegongers heard, mar út de ferklearringen is net dúdlik wurden hoe't de brân ûntstean koe. Ek forinsysk spoare-ûndersyk hat neat oplevere, meldt de plysje.
© Srfotografie
De brân ûntstie woansdei om 05.30 oere hinne yn in skuorre grinzjend oan it terrein fan fakânsjepark Onder de Linde yn Eastermar. It fjoer sloech al gau oer nei de kampearbuorkerij neist de skuorre. De buorkerij gie ferlern by de brân. De fjirtjin gasten dy't deryn sieten, koene der op tiid útkomme. Sa'n tritich fakânsjegongers dy't yn de sjalets tichteby de buorkerij sieten, kamen ek mei de skrik frij.