Motorsportferiening Prikkedaam slút trainingsbaan nei twangsommen

24 aug 2018 - 11:24

Der kin foarearst net traind wurde op de baan fan motorsportferiening De Prikkedaam by Makkingea. It bestjoer hat de baan per direkt sletten nei't de gemeente Eaststellingwerf trije twangsommen fan 2.000 euro oplein hat.

Foto: ANP

Der soe op trije dagen yn july te folle lûd makke wêze troch de 134 leden tellende motorsportklup. Dy hie krekt in fjirde twangsom fan 2.000 euro betelle en kin de nije twangsommen mar dreech betelje.

Trainingsbaan sluten

Om nije twangsommen foar te kommen, hat it bestjoer it beslút naam de baan te sluten foar trainingen. Twa kear yn de wike mei der trije oeren lang traind wurde. De klup mist troch de maatregel wol ynkomsten. De klupdei op 2 septimber kin wol trochgean, om't der al in spesjale fergunning foar ôfjûn wie.

De diskusje oer de lûdsoerlêst fan de motorsporters duorret al jierren. De gemeente Eaststellingwerf is al langer dwaande mei in nij bestimmingsplan dat alles regelje moat, mar dat wurdt hieltyd keard troch beswieren fan omwenners. Meardere wethâlders hawwe besocht beide partijen byinoar te bringen, mar dat is oant no ta net slagge.

We worden geconfronteerd met een situatie die niet goed geregeld is, dat moet dus via een bestemmingsplan.

Wethâlder Marcel Bos

De klup hat de ôfrûne tiid maatregels naam om de lûdsoerlêst te beheinen en hopet der no mei de gemeente út te kommen. Wethâlder Marcel Bos seit dat hy ferrast is troch de maatregel fan it bestjoer, mar ferwachtet wol der mei de feriening út te kommen. ''We worden geconfronteerd met een situatie die niet goed geregeld is, dat moet dus via een bestemmingsplan'', seit Bos.

(advertinsje)
(advertinsje)