Kollum: "Natasja"

24 aug 2018 - 07:30

"Wy hawwe fjouwer katten. Trije fûn en de âldste krigen fan in befreone fokker fan Noarske boskkatten. Har namme is Natasja en se waard dêr net akseptearre troch de oare katten. Dêr komt by dat se ek net sûn wie en de bistedokter har DE spuit jaan woe. Doe ha ik, sûnder har te sjen, sein dat se wol by ús komme koe want ôfmeitsje gong de fokker en my te fier.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Trettjin jier lyn ha ik har ophelle en se hat earst in moai skoft ûnder de kast sitten. Op in bepaald momint kaam se dêr ûnder wei en kaam se yn 'e kunde mei de hûnen en de bern. Se seach der suterich út en doarde ek net nei bûten. Dochs wie se hiel leaf en krige se hieltyd mear selsfertrouwen.

En doe op in dei wie se fuort en we wisten net wêr't se wie. Nei in wike kaam se lokkich al werom. Mei de búk fol jonge katten en nei har romantyske aventoer doarde se ek nei bûten. Fierder as de tún kaam se net mear en op in dei stie se my moarns op te wachtsjen mei bloed ûnder de sturt.

Se rûn foar my út nei har kuorke ûnder de houtkachel en dêr leine in pear lytse poeskes yn. Trije libben mar der wiene ek twa dea. No hie se earder jonge katten hân, mar doe hie se gjin molke en moasten de poeskes nei in oare mem. It wie krekt as wist se net wat se dwaan moast mei dit lytse guod. Ik ha de deade poeskes derút helle en har yn it kuorke lein. Doe ha 'k de oare poeskes by har oanlein en dy begûnen gelokkich al gau te drinken.

Mar alle kearen as ik der by wei rûn, gong se lûd miaukjend achter my oan. Se wie sa ûnseker en ik ha krekt salang neist har sitten oant se wis fan harsels wie en doe wie se in geweldige mem. Se hat de poeskes grutbrocht en it wie in feest om jonge katten yn 'e hûs te hawwen. Minder leuk foar de fitraazje, mar gniist dy stikken om dy gekke bisten mei har nuvere fratsen.

Natasja is no al 15 jier. Foar in raskat is dat bêst wol âld. Se hat noait in poes west dy't graach by dy op skoat leit, mar aaie fynt se hearlik, as se mar op har eigen plakje bliuwe kin. Wy neame har de keninginne, want se is bêst wol eigenwiis. Sa hawwe wy in kattelûkje, dochs hat se it leafste dat we de doar foar har iepenhâlde. En simmers hie ik noait in kattebak yn 'e hûs mar as it har dan te kâld waard, dan gong se foar myn noas sitten te pisjen. Ik begriep dat ynearsten net, mar doe't it kwartsje foel, wie dat gedrach ek oer.

Hjoeddeis sliept se in protte en ik ha it idee dat se dôf wurdt. En ik fyn wol gauris in keutel op in plak dêr't er net heart. Se wurdt echt âld, mar se kin ek samar ynienen fol faasje yn in beam klimme en foar al ús oare katten is se altyd noch in leave mem. Lêsten hie se in grut abses neist de sturt. Dêr moast se oan holpen wurde en dat is lokkich goed ferrûn.

Trettjin jier lyn wie se opjûn, mar net troch ús. Ik bin benijd hoelang't se it noch folhâldt mar as it har tiid is, dan ha ik dêr frede mei. Fan in suterige boskkat transformearre yn in keninginne is it hoe dan ek in happy end."

(advertinsje)