Twadde brûnzen medalje Ariëns op EK skeelerjen

23 aug 2018 - 22:38

Crispijn Ariëns hat op de lêste dei fan it EK skeelerjen yn Oostende syn twadde medalje pakt. Hy waard tredde op de maraton. Tiisdei pakte Ariëns ek al it brûns op de puntekoers.

Crispijn Ariëns earder dit seizoen - Foto: Neeke Smit

Seis rûntsjes foar de finish fan de maraton ûntstie der in kopgroep. Dy bestie njonken Ariëns út Bart Swings, Patxi Peula, David Morell en Quentin Giraudeau. Ut dat kopgroepke sprongen de Belch Swings en Peula (Baskelân) wei. Ariëns sleat letter oan by de twa.

Sy gienen mei har trijen de lêste ronde yn. Swings kaam úteinlik solo oer de streek yn syn heitelân. Peula waard twadde, Ariëns tredde.

(advertinsje)