Autocross Hallum útsteld om ferwachting min waar

23 aug 2018 - 22:18

De autocross fan Hallum wurdt yn ferbân mei it te ferwachtsjen minne waar foar freed en sneon ferpleatst fan no sneon 25 augustus nei sneon 22 septimber. De organisaasje kin, as it yndie min waar wurdt, de feiligens fan de crossers en de besikers net garandearje.

Foto: Ra Ra Racing

Der binne 190 dielnimmers oanmeld. De wedstriid wurdt ek útsteld omdat de organisaasje in kwalitatyf en earlike wedstriid oanbiede wol. Dat kin net mei min waar.

Nije oanmeldingen binne noch mooglik, no't it gehiel útsteld wurdt.

Trefwurden: 
autocross Hallum
(advertinsje)