Beintema hie in "goed gesprek" mei plysje oer wytoalje

23 aug 2018 - 21:47

Oprjochter Rinus Beintema fan de stichting Suver Nuver út Ljouwert hat tongersdei in goed petear hân oer wytoalje mei de plysje op It Hearrenfean. De stichting hat mei lokaasjes yn ûnder oaren Ljouwert, Zwolle en Grins meardere fêstigingen yn Nederlân.

Foto: Omrop Fryslân

Beintema wol dat justysje syn hannel ûndersiket, om sa in gerjochtlike útspraak oer de troch him produsearre wytoalje ôf te twingen. Dizze wike waard Beintema frege om nei it plysjeburo op It Hearrenfean te kommen foar in ferhoar.

Rinus Beintema

"Ik word verdacht van het vervaardigen, produceren en distribueren van wietolie. En een vermoedelijke overtreding van de geneesmiddelenwet", fertelt Beintema. De wytoalje wurdt troch Suver Nuver ferstrekt oan minsken dy't de oalje brûke wolle as genêsmiddel en by pine. De effekten dêrfan wurde net erkend as offisjeel medisyn.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens Beintema ferrûn it ferhoar op in gemoedlike wize. "Alle aspecten zijn goed belicht. Ik probeer met beleefdheid, vriendelijkheid en respect de waarheid te vertellen." Oft it petear in ferfolch krijt yn de foarm fan in strafrjochtlik proses is noch net bekend.

(advertinsje)