Sein 'brân master' jûn by skip Harns

23 aug 2018 - 20:37

De brânwacht hat yn Harns it sein 'brân master' jûn. Fan tongersdeitemiddei 14.00 oere ôf stie dêr in skip yn brân. Goed acht oeren letter is dy brân definityf ûnder kontrôle.

De brân wie yn it rom fan it skip. Dêr stie in kuolynstallaasje mei isolaasjemateriaal. Dat isolaasjemateriaal stie yn de brân. It wie foar de brânwacht lange tiid dreech om by de brânkearn te kommen. "Met een warmtebeeldcamera hebben we toch de brand goed kunnen lokaliseren", sei wurdfierder Ingrid Weert fan de brânwacht. "Maar het is heel moeilijk te bestrijden, omdat de brand in het isolatiemateriaal zit. Daardoor kan het zich door het hele schip verplaatsen."

Dwêste yn lytse groepkes

Doe't brânwachtminsken it skip yn koenen om te dwêsten, dienen se dat yn groepkes fan seis oant acht minsken. "We zijn steeds korte tijd in het ruim om te blussen. Het is vreselijk warm, dus iedere twintig minuten worden de manschappen afgelost door een volgend groepje." Mei dêrom wienen der in soad brânwachtkorpsen oanwêzich yn Harns.

Om 16.00 oere like de brân even ûnder kontrôle, mar doe lôge it wer op, mei hege flammen en in soad reek. Al mei al hat it goed acht oeren duorre foardat de brân hielendal ûnder kontrôle wie.

Wurdfierder Ingrid Weert fan de brânwacht

Annalijdia

De brân wie op it fiskersskip Annalijdia. Dat skip leit yn it wetter oan de steger fan Damen Shipyards. Der wienen op it momint fan de brân gjin minsken mear oanwêzich. Minsken yn de omjouwing waarden oproppen om ruten en doarren ticht te hâlden, en helptsjinsten de romte te jaan.

Trefwurden: 
Harns brânwacht skipfeart
(advertinsje)