Protestútslach IFKS binnen: 17 strafpunten foar Arend Wisse de Boer

23 aug 2018 - 19:42

It skûtsje Drie Gebroeders fan Arend Wisse de Boer krijt santjin strafpunten foar de oanfarring by de boppeste tonne yn de IFKS-wedstriid fan tongersdei by Ychtenbrêge. De Boer rekke it roer fan It Doarp Eastermar, wêrby't skipper Geale Tadema it wetter yn slingere waard. Tadema wûn de wedstriid úteinlik wol.

Skipper Sikke Heerschop fan Wylde Wytse tsjinne protest yn tsjin Geale Tadema om it momint by de boppeste tonne. Heerschop lei bakboard en Tadema kaam fan de stjoerboard-kant. Bakboard giet dan foar, mar neffens Heerschop krige hy net genôch romte fan Tadema. Heerschop wûn dat protest, mar de reden foar it momint wie - sei Tadema - dat sy troch skuld fan Arend Wisse de Boer net earder draaie koenen. Dêrom protestearre Tadema troch tsjin Arend Wisse de Boer. En om't Tadema dat protest wûn, krijt net hy, mar De Boer de santjin strafpunten.

Gefolgen klassemint

Dat hat grutte gefolgen foar it klassemint. De Boer stie twadde yn it klassemint, mar sakket no werom. Dy strafpunten fan tongersdei mei hy lykwols wol weistreekje as minste wedstriid.

Geale Tadema, oan de oare kant, behâldt syn kopposysje yn it klassemint. It Doarp Eastermar stie al earste en nei de deiwinst fan tongersdei wreidzje se de foarsprong op de konkurrinsje út.

Ek straf foar oare skûtsjes

De Zes Gebroeders fan Klaas Kuperus en 't Swarte Wief fan Jaap Hofstee krigen beide trije strafpunten. Sy hienen woansdei har bemanningslist net yn oarder. Kuperus hie dêrnei om weriepening frege, mar dat is ôfwiisd.

Trefwurden: 
IFKS Ychtenbrêge
(advertinsje)