Eksposysje oer Beuys: "Fryslân wie de earste demokrasy yn de wrâld"

23 aug 2018 - 18:57

Yn Ferwert is in eksposysje te sjen oer de Dútske keunstner Joseph Beuys. It is net in namme dy't yn Nederlân by it grutte publyk bekend is. Ynternasjonaal wurdt hy sjoen as ien fan de wichtichste keunstners út de 20e iuw. Hy wie yn de jierren 60 en 70 ferneamd om syn aparte foarstellingen.

Beuys syn foarâlden kamen út Fryslân en hy hat hjir ek wolris west. Joseph Beuys hie in fassinaasje foar it demokratyske systeem fan it âlde Fryslân: 'Fryslân wie de earste demokrasy yn de wrâld.'

Keunstner Louwrien Wijers út Hallum koe Joseph Beuys persoanlik. Sy hat yn har Gastatelier yn Ferwert in eksposysje ynrjochte. Se sil ûnder oare mei minsken yn petear oer Joseph Beuys. Ferslachjouwer Pier Wouda socht Wijers op en makke in reportaazje oer dizze útsûnderlike Dútske keunstner mei Fryske roots.

Trefwurden: 
LF2018 Joseph Beuys
(advertinsje)