Boeren meie langer dong útride

23 aug 2018 - 18:48

Boeren meie langer dong útride op greide. Dat hat minister Carola Schouten fan Lânbou besletten nei oerlis mei de Europeeske Kommisje. Ek kinne boeren de kommende wiken noch feefoer ferbouwe, sûnder dat sy dêrmei de 'fergrieningssubsydzjes' út Brussel yn gefaar bringe. Schouten komt net mei ekstra finansjele stipe.

Dong ynjektor - Foto: Shutterstock.com

Normaal sprutsen meie boeren oant ein augustus dong útride op greide. Dy perioade om út te riden wurdt, ôfhinklik fan grûnsoarte, ferlinge oant ein septimber. Foar boulân is dy perioade foar dong al ferlinge. "Dat biedt soelaas. Boeren kunnen dan echt verantwoord hun mest nog uitrijden op het land", seit Schouten.

Tekoart troch drûchte

Troch de drûchte driget in tekoart oan feefoer. Foar saneamde ekologyske oandachtsgebieten jilde foar boeren strange Europeeske easken, wat ynsiedzjen en rispjen fan gewaaksen oanbelanget. Brussel sjocht dêr no minder strang nei, wêrtroch't boeren ekstra feefoer ferbouwe kinne sûnder dat se de subsydzje ferlieze.

Trefwurden: 
dong útride feefoer
(Advertinsje)
(Advertinsje)