200 filmkes fan Maarten van der Weijden foar kompilaasje

23 aug 2018 - 17:53

In oprop op de sosjale media fan Omrop Fryslân om filmkes yn te stjoeren fan de meunstertocht fan Maarten van der Weijden, hat al sa'n twahûndert reaksjes opsmiten. Omrop Fryslân sil it materiaal brûke foar in spesjale kompilaasje dy't freedtejûn op telefyzje útstjoerd wurdt. Dat is fan kertier foar sânen ôf.

Maarten van der Weijden by Bartlehiem - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De ferslachjouwers fan Omrop Fryslân wiene der sels by it ôfrûne wykein, mar it publyk kaam ek manmachtich op de grutte prestaasje fan Maarten van der Weijden ôf. Dat hat in hiel soad filmmateriaal opsmiten. Dat komt no dus yn in kompilaasje. Yntusken is der genôch materiaal binnen kommen.

(advertinsje)