Undersyksburo jout flater ta: der is ferkeard metten

23 aug 2018 - 17:10

Undersyksburo Locatus jout ta dat der in flater makke is yn it tellen fan it tal besikers oan it Reuzewykein. It buro hie op oare plakken metten as de gemeente. Boargemaster Ferd Crone fynt it ferfelend dat der sa'n argewaasje is oer de besikersoantallen by it Reuzewykein yn Ljouwert. De gemeente seit sels dat der mear as 400.000 besikers west hawwe, wylst in profesjoneel buro de helte minder teld hat. "Dit is pijnlijk voor alle agenten, vrijwilligers en anderen die hebben meegeholpen", seit Crone.

Foto: Omrop Fryslân, Marijke de Boer

Ferd Crone

Boargemaster Crone hat tongersdei fuortendaliks kontakt opnommen mei ûndersykburo Locatus. De ûndersikers út Woerden sizze dat der it ôfrûne wykein 134.000 besikers yn Ljouwert west hawwe. Mei in foutmarzje dêrby soe it tal besikers heechút útkomme op 200.000. Nei it petear die bliken dat Locatus allinne yn de keapstrjitten yn it sintrum tellingen dien hat. Crone: "Maar daar zijn de Reuzen juist niet geweest. Die kwamen op andere plekken in de stad en daar was het overvol."

Op een Bevrijdingsdag komen er al bijna 100.000 mensen. Nu was het veel drukker en wel drie dagen achter elkaar

Boargemaster Ferd Crone

"Op een Bevrijdingsdag komen er al bijna 100.000 mensen. Nu was het veel drukker en wel drie dagen achter elkaar. Lijkt me duidelijk". Crone hâldt dêrom fêst oan de sifers dy't de gemeente sels hantearret: mear as 400.000 besikers.

Yntusken hat Locatus de flater tajûn. "Daarmee is de discussie gesloten wat mij betreft", aldus Crone. Neffens Locatus is it "appels met peren vergelijken."

Gertjan Slob fan it ûndersyksburo

Troch it stof

Direkteur Gertjan Slob van Locatus leit út hoe't it kaam dat se ta oare sifers kamen. "Bij het Reuzenfestival hebben we gedacht dat het vooral in de binnenstad plaatsvindt. Dat is voor een deel ook zo, maar in een veel groter gebied dan dat wij hebben gemeten. Dat hebben wij ons onvoldoende gerealiseerd."

"Het Reuzenmeisje is zaterdag bijvoorbeeld helemaal niet in het gebied geweest waar wij hebben gemeten. Dus alle bezoekers van het Reuzenmeisje bijvoorbeeld, daar kunnen wij niets over zeggen."

Slob en it ûndersyksburo bale bot. "We meten op heel veel plekken dit soort bezoekersaantallen. In Leeuwarden was het aantal bezoekers in de binnenstad verviervoudigd. Dat lukt alleen de topfestivals, iedere stad knijpt z'n handjes dan dicht. We waren dan ook al puur van mening dat het hartstikke succesvol is. Nu lijkt het alsof wij denken dat dat niet zo is, maar dat vinden wij ook."

(advertinsje)