Keninginne komt nei Fryslân foar mear muzyk op skoalle

Keninginne Máxima komt takom moanne nei Drachten. Se is op 20 septimber by de ûndertekening fan it gearwurkingskonvenant muzykûnderwiis, yn skouboarch De Lawei yn Drachten.
© ANP
It konvenant is in ûnderdiel fan it programma 'Méér Muziek in de Klas', dêr't Keninginne Máxima earefoarsitter fan is. Dat programma moat derfoar soargje dat alle 1,6 miljoen bern op de basisskoalle struktureel muzykûnderwiis krije.

Muzyk foar eltsenien

Yn Drachten wurdt in konvenant tekene wêrby't de belutsen partijen garandearje dat alle 52.000 Fryske basisskoallebern yn 2022 muzykûnderwiis krije. Dat moat regele wurde mei help fan gemeenten, de provinsje, skoalbestjoeren, kulturele ynstellingen, de PABO, it Prins Claus Conservatorium en de Organisaasje foar Muzykferienings Fryslân.
Deselde soarte konvenanten binne ek al tekene yn Limboarch, in part fan Gelderlân en yn de stêd Grins.