Tadema wint IFKS-wedstriid nei oanfarring

23 aug 2018 - 16:04

Geale Tadema hat mei it skûtsje It Doarp Eastermar de deiwinst pakt op it wetter fan Ychtenbrêge. De skipper wie doe noch mar amper bekaam fan in oanfarring dy't hy oan it begjin fan de wedstriid hie mei it skûtsje fan De Drie Gebroeders. "Sa'n moaie wedstriid, dat fergoedet in boel", sei de winnende skipper nei ôfrin fan de wedstriid. Ulbe Zwaga mei Waaksdom waard twadde en Grutte Pier fan Lucas Bouma tredde.

De wedstriid begûn tongersdeitemiddei mei in soad konsternaasje. De úteinlike winner, Geale Tadema fan it skûtsje It Doarp Eastermar, waard troch it skûtsje fan Arend Wisse de Boer oerboard slein. De Drie Gebroeders fan De Boer draaide te let by de boppeste tonne, en fear dêrtroch op it skûtsje fan Tadema. Dy siet op dat stuit oan it helmhout, en waard troch de klap lansearre. De Drie Gebroeders hat de wedstryd ferlitten en ferspilet dêrmei syn kampioenskip.

Tadema wie nei de winst yn de wedstriid amper noch bekaam fan de skrik fan de oanfarring. "It wie echt in klap. Dat fernim ik ek wol. Dêrnei sile je wer, dus dan moatst de kop derby hâlde. Myn broer naam it oer yn it foardewynse rak, dat kin prima. It swimfest hie ik wat lêst fan, dat wie in beklemmend gefoel. Al wat lêst fan de ribben. It wie in hektyske wedstriid. Sitst hiel heech yn de adrenaline, dus dan moatst even bekomme." Eastermar stiet op dit stuit fier foaroan yn it klassemint fan de Grutte A.

Der rinne noch in tal protesten, dus it is noch net folslein dúdlik hoe't de úteinlike útslach fan dizze wedstriid wêze sil.

Online stjoert Omrop Fryslân it skûtsjesilen live út, mei op de radio kommentaar fan Andor Faber en Gjalt de Jong en op de livestream dogge Koos Wieling en Eelke Dykstra dat. Yn Fryslân Hjoed is jûns in analyze fan de wedstriid te sjen. En om 21.00 oere is der in wiidweidich ferslach op TV.

Trefwurden: 
IFKS skûtsjesilen
(advertinsje)