Kampanje Rêdingsbrigade oer betsjutting flaggen

23 aug 2018 - 15:51

De Rêdingsbrigade komt mei in kampanje om de betsjutting fan de warskôgingsflaggen by iepen wetter better bekend te meitsjen. It hat bliken dien dat in soad minsken net witte wat de flaggen betsjutte, dy't yn mêsten by strannen en grutte marren hingje. De rêdingsbrigade komt dêrom mei in nij, lanlik protokol.

Sinjalearingsflagge fan Reddingsbrigade Nederland - Foto: Reddingsbrigade Nederland

Rêdingsbrigaden ha in basisset fan flaggen. Dat binne bygelyks in readgiele, dy't betsjut dat de rêdingspost iepen is; in gielen ien, dy't oanjout dat it gefaarlik is om te swimmen en dat it dêrom ôfret wurdt; en in readen ien dy't betsjut datst net swimme moast omdat de situaasje sa gefaarlik is, dat it net ferantwurde is.

De kampanje fan de Rêdingsbrigade begjint takom jier.

(advertinsje)