UPDATE: Brân op skip Harns noch net ûnder kontrôle

23 aug 2018 - 14:19

De brân op it skip yn Harns is even oplôge. De brânwachtminsken gienen allegear fan de boat ôf om harren werom te lûken. Troch de hjitte en de reek wie it net mear mooglik om de brân fan binnenút te bestriden. De brân waard tongersdei om 14.00 oere hinne ûntdutsen. Twa oeren letter like it ûnder kontrôle, mar dat wie foar koarte tiid.

De helptsjinsten binne manmachtich útriden foar de grutte brân op it fiskersskip Annalijdia. Dat skip leit yn it wetter oan de steger Damen Shipyards. Der wienen gjin minsken mear oanwêzich. Minsken wurde oproppen om ruten en doarren ticht te hâlden, en helptsjinsten de romte te jaan.

Yn it rom

"Er waren drie medewerkers van het naastgelegen jachtwerf aan het werk. Die hebben de brand ontdekt en 112 gebeld", seit wurdfierder Ingrid Weert fan de brânwacht.

It fjoer sit yn it rom fan it skip. Dêr stiet in kuolynstallaasje om de fisken, dy't dêr normaal yn sitte, kuol te hâlden. It isolaasjemateriaal dat derby heart, stiet yn de brân. "Daarbij is veel smerige rook vrijgekomen. Inmiddels zien we geen rook meer", zei Weert krekt nei fjouweren.

Direkt dêrnei lôge de brân wer op, mei hege flammen en in protte reek. "Er was even een heel hevige rookontwikkeling. De manschappen moesten zich daarom terugtrekken." Dat duorde in skoftke, mar yntusken besykje de brânwachtminsken wer om tichterby de brânkearn te kommen.

Dreech om te bestriden

Troch de hitte wie it foar de brânwacht lang net mooglik om flakby de kearn fan de brân te kommen. "Met een warmtebeeldcamera hebben we toch de brand goed kunnen lokaliseren. Maar het is heel moeilijk te bestrijden, omdat de brand in het isolatiemateriaal zit. Daardoor kan het zich door het hele schip verplaatsen."

Foto: Kappers Media

Ofwikselje

De brânwacht besocht no om de brân fan binnen it skip út te dwêsten. Om't it noch sa waarm is, moasten se ôfwikselje. "Daarom zijn we steeds korte tijd in het ruim om te blussen. Het is vreselijk warm, dus zijn het steeds groepjes van zes à acht mensen. Die worden na twintig minuten afgelost door een volgend groepje."

Dêrom binne der ek in hiel soad brânwachtminsken oanwêzich yn Harns. Der binne op syn minst sân korpsen teplak.

Weert ferwachtet dat it noch wol in pear oeren duorret foardat de brân folslein ûnder kontrôle is.

Trefwurden: 
Harns brânwacht skipfeart
(advertinsje)