Provinsje lûkt warskôging foar blau-alch yn swimwetter diels yn

23 aug 2018 - 14:12

De provinsje hat it negative swimadvys foar it wetter by dei-rekreaasjeterreinen Klein Zwitserland by Sumar, de Ulesprong by de Tsjûkemar, Reahel en De Driesprong by Langelille foar in part opheft.

It advys waard earder ynsteld fanwege de kâns op sûnensklachten troch blau-alch. Hoewol't de wetterkwaliteit ferbettere is, warskôget de provinsje noch hieltyd mei buorden foar in lytse kâns op blau-alch. Allinnich by Klein Zwitserland is de situaasje sa ferbettere dat de warskôging hielendal ynlutsen is.

(advertinsje)