Schilder en Mathieu werom yn basis Cambuur tsjin Jong AZ

Cambuur spilet freed de earste thúswedstriid fan it seizoen. De tsjinstanner is Jong AZ. Trainer René Hake hat twa wizigingen oanbrocht yn de opstelling nei de wedstriid fan ferline wike.
Robbert Schilder © www.orange-pictures.nl
Oanfierder Robbert Schilder komt nei in skorsing werom yn de basis en dêrtroch giet Robert van Koesveld derút. Andrejs Ciganiks makket plak foar Justin Mathieu. Sawol Van Koesveld as Ciganiks binne net hielendal fris út de wedstriid fan ferline wike kommen, sa sei trainer René Hake. "Zowel Ciganiks als Van Koesveld hadden last van stijfheid. Daar anticiperen we op. Als we ze laten staan, is de kans aanwezig dat het mis gaat en dan kunnen ze misschien acht weken niet spelen."
Schilder en Mathieu werom yn basis Cambuur tsjin Jong AZ

Ynteressante ploech

Hake fynt Jong AZ "een interessante ploeg", sa sei hy tongersdei nei de training. "De ploeg is naar mijn idee jonger dan vorig jaar. Het blijft lastig inschatten, maar het zijn wel jongens die over de nodige bagage beschikken, Er zit veel energie en een grote mate van werklust in. En ze willen voetballen. Daar loop je niet zo maar even overheen."
Ynterviews Cambuur foarbeskôging Jong AZ
Opstelling Cambuur: Mous; Van Wermeskerken, Schilder, Mbende, Sambissa; Schils, Schindler, Maulun; Mathieu, Van Kippersluis, Conraad.