Ljouwerter studinten krije dit jier in flits-ûntgriening

23 aug 2018 - 12:53

Ljouwerter studinten dy't meidogge oan de yntroduksjewike LEIP krije dit jier de koartste ûntgriening ea. De jongerein krijt op moandei 27 augustus yn ien fan de lytste strjitsjes in ludike yntroduksje fan it Ljouwerter studintelibben.

Foto: Omrop Fryslân

Alle studinteferienings yn de stêd wurkje mei-inoar gear yn dizze nije flits-ûntgriening. De organisaasje sil oer de folsleine lingte fan it Herenwaltje tinten delsette. De nije earstejiers moatte dan troch dizze lange tunnel rinne. Se begjinne 'grien' oan harren tocht, mar komme der 'kleure' wer út. Foarôfgeand oan de flits-ûntgriening kinne de studinten in foto meitsje fan hoe't se derút seagen foar harren tocht troch de tintestrjitte. "Niks geen gedoe of rare geintjes, maar gewoon een vet leuke ontgroening," sa skriuwt de organisaasje.

De hoop is dat de ûntgriening mei dizze aksje yn in better deiljocht komt te stean. De ôfrûne jierren is de tradysje troch meardere skandalen negatyf yn it nijs kaam. Dizze skandalen wiene ûnder oare yn Grins en Eindhoven.

(advertinsje)