Frjentsjerter Jacob Kooistra riddere foar syn wurk foar psychiatryske pasjinten

23 aug 2018 - 12:00

Jacob Kooistra fan Frjentsjer is woansdei beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy krige de ûnderskieding út hannen fan boargemaster Hayo Apotheker fan de gemeente Waadhoeke. Syn kollega's omskriuwe Kooistra as in pionier foar de moderne GGZ.

Foto: Joachim de Ruijter

Kooistra wurke fan 1969 ôf by de GGZ en sette him jierrenlang yn foar de soarch fan psychiatryske pasjinten. Hy hat mei ferskate inisjativen de soarch foar dizze groep minsken op de kaart set en wie belutsen by it oprjochtsjen fan in krisistsjinst by de GGZ.

Bûten syn wurk om wie hy ek aktyf as frijwilliger foar dizze groep minsken. Kooistra is yntusken mei pensjoen.

(advertinsje)
(advertinsje)