Bysûnder wurk Rembrandt van Rijn nei Fries Museum

Ien fan de meast persoanlike masterstikken fan Rembrandt van Rijn, ''Saskia en profil in kostbaar kostuum'' is fan 24 novimber ôf te sjen yn it Fries Museum. It skilderij komt dêrmei foar it earst yn 250 jier werom nei Nederlân.
© Fries Museum
It portret fan Rembrandts frou Saskia Uylenburgh is krekt nei har ferstjerren yn 1642 ôfmakke. De Fryske Saskia wie Rembrandts earste frou. De skilder hat it portret earst sels hâlden, mar moast it út gebrek oan jild ferkeapje.

Dútslân

It hinget gewoanwei yn de Gemäldegalerie Alte Meister binnen it Dútske Museumlandschaft Hessen-Kassel, mar dy jout it fanwege de eksposysje ''Rembrandt en Saskia: Liefde in de gouden Eeuw'' yn brûklien oan it Fries Museum.
De eksposysje is fan 24 novimber oant en mei 17 maart yn it Fries Museum. Kommend jier wurdt wiidweidich stilstien by it 350-ste stjerjier fan Rembrandt, mei tal fan aktiviteiten yn Ljouwert, Den Haag, Leiden en Amsterdam.