Undersyksburo: folle minder besikers Reuzewykein Ljouwert

23 aug 2018 - 10:19

Hoefolle besikers hat Ljouwert it ôfrûne Reuzewykein lutsen? Dêr is ûndúdlikheid oer ûntstien, no't ûndersyksburo Locatus út Woerden, mei hiel oare sifers komt as de gemeente.

Drokte yn Ljouwert by de Reuzen - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Wêr't Ljouwert it hie oer 425.000 besikers, komt Locatus net fierder as 134.000 besikers. It bedriuw hat oer de folsleine stêd mjitpunten ynrjochte, dy't útgean fan it tal mobyltsjes dat foarby komt.

Om't net elkenien in mobyl hat, wurdt der ek mei de hân teld. Der kin neffens direkteur Gerrit Jan Slob fan Locatus sprake wêze fan in lytse ôfwiking, mar dan noch hellet it oantal besikers de 200.000 net. De sifers fan Locatus komme oerien mei de sifers fan ferfierders NS en Arriva.

Foto: Omrop Fryslân, Sybren Terpstra

Ferrast

Slob hat gjin idee hoe't de gemeente oan de besikersoantallen komt. ''Wij hadden al een bericht met onze cijfers klaar staan, toen we door media werden gebeld die ons meldden dat er al heel andere cijfers naar buiten waren gebracht. Dat heeft ons wel verrast.'' Slob wit ek net wêrom't de gemeente gjin gebrûk fan syn sifers makke hat.

Toen we door media werden gebeld die ons meldden dat er al heel andere cijfers naar buiten waren gebracht, heeft dat ons wel verrast

Gerrit Jan Slob, ûndersyksburo Locatus

Fanwege fakânsje fan de kontaktpersoanen by syn bedriuw en de gemeente hat hy noch gjin kontakt socht mei de gemeente, mar dat sil hy takom wike seker dwaan. Slob seit der wol by dat ek mei 134.000 besikers it evenemint in sukses is. ''Wanneer je een verdrievoudiging van het gewone aantal bezoekers aan je stad hebt, is dat buitengewoon geslaagd en kun je spreken van een succesvol festival.''

Gemeente Ljouwert

''Wij staan nog steeds achter onze inschatting van het aantal bezoekers aan het Reuzenweekeinde'', seit wurdfierder Johan de Jong fan de gemeente Ljouwert, nei oanlieding fan de betizing oer de besikersoantallen. Neffens De Jong is mei allerhanne ynstânsjes dy't by it Reuzewykein belutsen wiene, oerlein. Dêrneist binne auto's, fytsen en besikers dy't mei it iepenbier ferfier kamen teld en dy sifers binne meinaam yn de evaluaasje.

Wij staan nog steeds achter onze inschatting van het aantal bezoekers aan het Reuzenweekeinde

Johan de Jong, wurdfierder gemeente Ljouwert

In ferklearring foar it grutte ferskil yn de oantallen besikers hat De Jong net. ''Dit is onze inschatting, wij denken dat we er niet ver naast zitten. Dat Locatus met andere cijfers komt, laat dat zo zijn. Wij hebben onze bedenkingen bij deze lage inschatting, maar we willen er geen welles-nietes discussie van maken. We kijken liever terug op een prachtig weekeinde.''

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Net de earste kear

It is net de earste kear dat der betizing ûntstiet oer it oantal besikers oan Kulturele Haadstêd. Waard earst sein dat der rekkene waard op 4 miljoen unike besikers, letter waard dat bysteld nei 4 miljoen besites troch 1,7 miljoen besikers.

(advertinsje)
(advertinsje)