Plysjes út Fryslân sykje mei nei fertochte automobilist yn Noard-Hollân

Plysjes út Fryslân hawwe woansdeitenacht yn it Noard-Hollânske Wieringerwerf oerenlang meisocht nei in fertochte automobilist. De man waard by it Van der Valkhotel by de A7 klemriden, mar wist rinnendewei te ûntkommen. Neffens tsjûgen ried de man yn in stellen auto en kaam er út de rjochting fan de Ofslútdyk.
Plysjehelikopter © Shutterstock.com
Mei help fan in helikopter en boaten is nei de man socht, mar hy wist út hannen fan de plysje te bliuwen. Der waard ek noch in Burgernet-melding útdien, mar nei twa oeren is de syktocht stillein. De plysje hat de auto yn beslach naam en meinaam foar technysk ûndersyk.