Kollum: "Teflon"

"Wat in minister-presidint, dy Rutte. Teflon-Mark neame guon him al: alle rotsoai glydt fan him ôf sûnder in spatsje efter te litten. Je kinne der in soad fan fine, mar ik sjoch der mei groeiende fernuvering nei.
Botte Jellema © Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
Hoe't it kin dat hy der mei fuort komt dat ús regear twa miljard euro gewoan fuortsmite wol, is my in riedsel. Ik ha it oer de ôfskaffing fan de dividindbelesting, wat in foardiel opleverje sil foar bûtenlânske oandielhâlders. Twa miljard, of om krekt te wêzen 1,9 miljard. In twa, en dan njoggen nullen. Foar in kwart dêrfan draait de hiele provinsje Fryslân in jier lang; de begrutting fan de Steaten is amper in heal miljard.
Kinst der sa'n 150 Omrop Fryslâns fan yn 'e loft hâlde. Kinst fan dat bedrach alle Friezen in lytse trijetûzen euro jaan, fergees. Soest der leararen wat mear fan betelje kinne. Soest it oan definsje útjaan kinne. Of oan ús wetterhúshâlding. Ha we der dan allegearre wat oan. It is 543 swimtochtsjes fan Maarten van der Weijden foar KWF Kankerbestrijding. Safolle jild is it, dat ik my der net iens wat by foarstelle kin.
Mark Rutte jout it fuort. Mei as argumint: it is goed foar it Nederlânske fêstigingsklimaat. It soe mear wurkgelegenheid opleverje. Mar dat falt noch te besjen, omdat it giet om jild dat oandielen yn Nederlânske bedriuwen oantrekliker makket, en net fuortendaliks it oannimmen fan personiel. Boppedat hat it Centraal Planbureau it trochberekkene, en dy sizze dat der 'geen empirisch bewijs' is foar de positive effekten fan it ôfskaffen fan de dividindbelesting.
Hielendal in knap staaltsje wie hoe't Rutte de ôfskaffing fan de dividindbelesting moandei sels 'vreselijk' en 'bizar' neamde. Elkenien yn betizing: dit is dochs de man dy't dit sels sa soepel troch de kabinetsformaasje helle? Dy't dizze maatregel hieltyd ferdigene hie, wylst er amper stipe krige fan syn koälysjegenoaten D66 en ChristenUnie. Mar hy liket net fan plan om hjir mei op te hâlden.
Ik snap dus wier net wêrom't net mear minsken harren hjir drok om meitsje. Miskien hat it te krijen mei dat it in saai ûnderwerp is? Dividindbelesting is miskien net eat dêr't in protte minsken mei te krijen hawwe; it is in belesting dy't troch bedriuwen betelle wurdt as se winst oan oandielhâlders útkeare. Om ien of oare reden kinne Nederlânske oandielhâlders dizze ynhâlding troch de fiskus wer werom krije by de Belestingtsjinst, en in protte bûtenlânske oandielhâlders kinne dat ek al. Neffens NRC binne netto betellers oandielhâlders út Kanada, Sina, Ruslân, Taiwan, Turkije, Súd-Koreä en de Feriene Steaten. En it leveret dus sa'n twa miljard euro yn 't jier op.
Wurkjouwerslobby VNO-NCW hat begjin 2017 yn in brief oan de formearjende partijen de winsk utere dat se foar it stadichoan ôfskaffen fan de dividindbelesting binne. Sels de VVD fan Mark Rutte sels hie it net yn it partijprogramma stean. Sjoch, tsjin de tiid dat ik dizze ynformaasje ta my nommen ha, fal ik al hast yn sliep.
Behalve dus dat it oer in aldermâlst soad jild giet, wêrfan't dus nimmen wit wêrom't we dat fuortjaan moatte oan bûtenlânske oandielhâlders. Wylst it no ek wolris tiid wurde soe dat de rest fan Nederlân, sis mar, de minsken dy't it wurk dogge, sa as leararen, ferpleechkundigen, mar ek de Publieke Omroep ynklusyf Omrop Fryslân, no nei tsien jier fan krisis, besunigjen en minder, einliks ris wat mear krije.
De kâns is grut dat we pas oer in moanne wat mear witte, as op Prinsjesdag de nije begrutting presintearre wurdt. Anonime VVD'ers hellen moandei yn De Telegraaf út nei de parse: de media soene dochs begripe moatte dat dizze maatregel fan nasjonaal belang is? Wat mear oranjegefoel!
Wol, de media ha gewoan sjoen nei it bedrach dat derfoar stiet, en dêrnei ynformearre by it CPB of dit in ferantwurde maatregel is. Nee. Dus de groeten mei dyn oranjegefoel, Teflon-Mark, en ik hoopje fan harte datst dizze rare frats gau fan dy ôfglide litst."