Peter Tuinman spilet wer yn musical Soldaat van Oranje

23 aug 2018 - 07:11

Akteur Peter Tuinman is opnij te sjen yn Soldaat van Oranje. De cast fan de al jierren rinnende musical is diels fernijd en sil fan kommende freed ôf optrede. Tuinman nimt de rol fan adjudant Van 't Sant wer op him. Hy spile de rol earder yn 2016.

Foto: Joris van Bennekom

Yn it stik komt akteur Valentijn Benard werom as Erik Hazelhoff Roelfzema en Henriëtte Tol as keningin Wilhelmina. De musical begûn yn oktober 2010 yn it spesjaal boude Theater Hangaar yn Katwijk aan Zee en is troch al mear as 2,7 miljoen minsken besjoen.

(advertinsje)