Alder pear mei brommobyl yn de sleat by De Pomp

23 aug 2018 - 06:32

In âlder echtpear is woansdei by De Pomp ferwûne rekke, nei't it mei de brommobyl op de kop yn de sleat bedarren. Op de Brongersmawei rekken de man en de frou troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt en rieden se it wetter yn.

Foto: De Vries Media

De helptsjinsten rieden manmachtich út. Brânwachtkorpsen fan Kollum, Zoutkamp en Bûtenpost en dûkers fan Ljouwert giene nei it plak fan it ûngelok. De slachtoffers wiene troch omstanners al út it wetter helle. Ambulânsemeiwurkers ha de man en frou ûndersocht. De man moast mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs.

Trefwurden: 
ûngelok brommobyl De Pomp
(advertinsje)