Ek lytse gondels útnûge foar de gondelfeart yn Balk

22 aug 2018 - 23:15

De Stichting Feestweek Balk nûget ek lytse gondels út om mei te dwaan oan de jierlikse Gondelfeart, nije wike tongersdei. It is soms in probleem foar minsken om in grutte gondel te bouwen, want dêr hawwe je in protte romte foar nedich. Om dochs genôch animo foar de Gondelfeart te hâlden, hat de stichting de oprop dien om gondels 'op heal formaat' te bouwen.

Sa wurdt it maklik makke om bygelyks gewoan yn in garaazje by hûs in bouwurk yn elkoar te setten. De stichting hopet mei dizze nije opset nije bouploegen te meitsjen foar de takomst. Dat sil it sukses fan de Gondelfeart ta goede komme. De oprop hat in oantal entûsjaste reaksjes opsmiten, mar úteinlik binne de gondels dochs allegear wer grut wurden.

In reportaazje fan ferslachjouwer Karen Bies

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies
Trefwurden: 
Balk Gondelfeart
(advertinsje)
(advertinsje)