Harkemase Boys en ONS mei winst nei KNVB Beker

22 aug 2018 - 22:13

Harkemase Boys hat woansdeitejûn goede saken dien by Achilles '29 yn Groesbeek yn de twadde foarronde fan de KNVB Beker. Yn de earste helte skoarden de Harkiten mar leafst fiif kear.

De doelpunten kamen fan Berwout Beimers (3de minút), Willem Huizing (28ste minút), Robert Stelpstra (36ste minút), Henny Bouius (42ste minút) en flak foar rêst skoarde Pier Veldman.

Ek nei rêst gienen de Friezen troch, yn de 53ste minút skoarde Pier Veldman. Flak dêrfoar hie Achilles '29 in earste grutte kâns, mar de keeper kearde dat op. Yn de 81ste minút krige Achilles noch in kâns op in earetreffer, mar dy bal kaam op de peal. Even letter wie it wol raak foar de thúsploech, Alper Yildiz makke de 1-6. En dat wie ek de einstân.

ONS út Snits moast ek spylje, tsjin HBS yn Den Haag. Dêr gienen beide ploegen nei de klaaikeamers mei 1-1 op it boerd. Nei rêst wie der in eigen doelpunt fan de thúsploech. De Snitsers krigen in penalty nei't Yume Ramos ûnderút helle waard. Michael Lanting skoarde en brocht dêrmei de stân op 1-3. Martijn Barto makke hast de 1-4 , mar hy skeat krekt oer. Six skoarde de 2-3. ONS wûn úteinlik dus mei dy einstân.

Beide Fryske winners geane troch nei it haadtoernoai fan de KNVB Beker.

(advertinsje)
(advertinsje)