Freark Kramer wint nasjonale kompetysje fierljeppen yn Grypstsjerk

22 aug 2018 - 21:57

Freark Kramer fan It Heidenskip hat woansdeitejûn de nasjonale kompetysje fierljeppen yn Grypstsjerk wûn. De junior ljepte yn 'e finale 17.88 meter en dat wie genôch foar de oerwinning yn dy kategory. Daniel Cluistra waard twadde, folge troch Wietse Nauta fan Drylts.

Freark Kramer - Foto: Martin de Jong

By de froulju wie der ek Frysk sukses yn Grypstsjerk. Dêr wûn Akke Dijkstra fan Bûtenpost mei 14.91 meter. Dymphie van Rooijen ljepte mei 14.40 meter nei it twadde plak. Tredde waard Julia van Eijck.

Thewis Hobma (20.07) fan Harns einige as twadde by de senioaren. Hy koe de oppermachtige Jaco de Groot net byhâlde, dy't nei 20.55 meter ljepte. Rian Baas waard tredde.

Wisse Broekstra fan Tsjummearum ljepte mei 17.41 meter nei de winst by de jonges, foar Rutger Haanstra fan It Heidenskip. Femke Rispens wûn mei 14.08 meter by de famkes.

(advertinsje)
(advertinsje)