Partoer fan Ilse Tuinenga wint Frouljus PC

It partoer fan Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra hat woansdeitemiddei yn Weidum de 42ste Frouljus PC wûn. It partoer wie yn de finale mei 5-2 en 6-4 fierstente sterk foar it partoer fan Anne Monfils, Margriet Bakker en Harmke Siegersma.
Ilse Tuinenga is útroppen ta keninginne.
Partoer fan Ilse Tuinenga wint Frouljus PC
© Henk Bootsma
© Henk Bootsma
© Henk Bootsma
It partoer fan Monfils hie noch in foardiel, om't se mei in steand nûmer de heale finale oerslaan mochten en sadwaande mear rêst krije koene. Mar Harmke Siegersma krige foarôfgeand oan de finale in migrêne-oanfal, wêrtroch't de slotpartij fan de dei koarte tiid útsteld wurde moast.
Margriet Bakker en Anne Monfils hawwe troch de migrêne-oanfal fan harren keatsmaat in koart skoftke mei har twaen keatst. Nettsjinsteande de striid, koene se net al tefolle dwaan tsjin de krêft fan it partoer fan Tuinenga.
It is alwer de tredde kear dat Ilse Tuinenga de wichtige keatspartij op har namme skriuwt. "We wienen alle trije super. De heale finale wie wol dreech en de finale hie wat in rare start om't Harmke útfoel en we lang wachtsje moasten. Doe kamen we ek noch mei 1-0 achter wylst se mei syn twaen wienen. Ik ha even foetere, dat holp en waarden we fûl. Dêrnei sleepten we it samar binnen."
Ferliezers Partoer fan Ilse Tuinenga wint Frouljus PC