Grutte stjerte ûnder kokkels yn Waadsee

22 aug 2018 - 17:39

Op de drûchfallende platen yn de Waadsee binne dizze simmer massaal kokkels deagongen. Dat is fêststeld troch ûndersikers fan Wageningen Marine Research en amtners dy't har dwaande hâlde mei fiskerij, yn de perioade fan 25 july oant 15 augustus.

Foto: Margriet van Asch

Op in soad plakken leine de sânplaten besiedde mei stjerrende en ek krekt ferstoarne kokkels, soms mei it fleis noch yn de skulpen. De meast foar de hân lizzende oarsaak is de lange drûge en hite perioade. De ekstreme stjerte fan kokkels is min nijs foar de fûgels en de fiskers.

Neffens de ûndersikers binne sokke grutte oantallen deade kokkels net foarkaam sûnt 1990. Yn dat jier is Wageningen Marine Research begûn mei de jierlikse tellingen. De grutte stjerte jildt net allinnich foar de Waadsee, ek yn Seelân is dit it gefal. Dêrom binne de ûndersikers der ek aardich wis fan dat de drûchte de oarsaak is.

Karin Troost, ûndersiker fan Marine Research út Wageningen

Lange hittegolf

"Als een ziekte of milieuvervuiling de boosdoener was geweest, dan zou de sterfte waarschijnlijk meer plaatselijk zijn", neffens WMR-ûndersiker Karin Troost. "Daarnaast heeft de sterfte zich voorgedaan aan het eind van de buitengewoon lange hittegolf. Op 27 juli werd in Vlissingen een maximum temperatuur van 36,8°C gemeten."

Ut in Portugeeske stúdzje út 2015 hat earder bliken dien dat 100 persint fan de kokkels deagong, as sy 6 oeren lang bleatsteld waarden oan in temperatuer fan 35 graden. Mar omdat in sykte as ynfeksje as oarsaak net útsletten wurde kin, binne yn gearwurking mei de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit, meunsters naam yn de Oosterschelde.

Strânljippen ha skulpdieren nedich om te iten om goed de winter troch te kommen. Kokkels binne dêr in belangryk diel fan. Foar hânkokkelfiskers yn de Waadsee waard de fiskerij dit jier al krapper.

Trefwurden: 
Waadsee kokkels
(advertinsje)