Mem en dochter (14) oanhâlden foar streuptocht op De Jouwer

De plysje hat tiisdei trije dieven oanhâlden foar in streuptocht troch it sintrum fan De Jouwer. It giet om in 35-jierrige ynwenster fan de gemeente Hearrenfean en har 14-jierrige dochter, en in 36-jierrige frou út de gemeente Smellingerlân.
Plysje logo © Omrop Fryslân
De trije froulju hiene by ferskate winkels yn it sintrum fan De Jouwer tassen fol mei guod meinommen. Se binne oanhâlden en sitte, op it minderjierrige famke nei, noch hieltyd fêst. Tsjin de fertochten sil proses-ferbaal opmakke wurde.
It guod dat de froulju by harren hiene © Politie De Fryske Marren