Partoeren Monfils en Tuinenga yn de finale fan de Frouljus PC

22 aug 2018 - 16:32

It partoer fan Anne Monfils, Margriet Bakker en Harmke Siegersma nimt it yn de finale fan de frouljus PC op tsjin it partoer fan Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra. De Frouljus PC is de wichtichste keatspartij foar froulju yn Fryslân, en wurdt dit jier alwer foar de 42ste kear keatst yn Weidum.

Foto: Henk Bootsma

It partoer fan Monfils kaam mei in steand nûmer yn de finale wylst it partoer fan Tuinenga yn de heale finale te sterk wie foar it partoer fan Nynke Sybrandy, Wiljo Sybrandy en Marrit Zeinstra.

De finale fan de Frouljus PC wurdt woansdei oan de ein fan de middei ferkeatst.

Harmke Siegersma wie flak foar de finale útfallen mei in migrêne-oanfal. Anne Monfils en Margriet Bakker binne mei har beiden begûn oan de finale tsjin it trio fan Ilse Tuinenga. Se kaam lykwols al frij flot wer yn de partij.

Trefwurden: 
keatsen frouljus PC Weidum
(advertinsje)