Sikke Heerschop wint ynhelwedstriid by Ychtenbrêge

Sikke Heerschop is mei it skûtsje Wylde Wytse de winner wurden fan de ynhelwedstriid by Ychtenbrêge. De wedstriid wie as ferfanging organisearre nei't de IFKS ôfrûne snein troch de hurde wyn net sile koe. "Machtich moai, dit hiene we wol even nedich," sei Heerschop. Geale Tadema mei It Doarp Eastermar waard twadde en De Zes Gebroeders fan Klaas Kuperus tredde.
Gearfetting finish by Ychtenbrêge
Froukje Osinga-Meijer kaam as earste om de boppeste tonne, mar hie net yn de gaten dat se te betiid starten wie. "Wy fûnen it in perfekte start." Doe't it minne nijs har berikte ferliet se it wedstrydwetter. De saneamde u-flage wappere en dat betsjut dat wa't falsk start, net opnij starte mei.
Winner IFKS by Ychtenbrêge
Achter de Jonge Jasper lei de Wylde Wytse fan Sikke Heerschop, en dy kaam dus al gau op nûmer 1. Dat plak joegen Sikke Heerschop en syn bemanning net wer fuort. Achter him fochten Ton Brundel, Jeroen de Vos en Geale Tadema om it twadde plak. Fonger Talsma die mei de Jonge Jan lykas juster wer in ynhelrace en wist fan in tsiende plak nei it fjirde plak te silen.
Sikke Heerschop knope noch in reade protestflage yn it wand tsjin de skûtsjes dy't troch de fargeul foeren, mar neffens de regleminten is dat net ferbean. Hy helle it flachje foar de finish der ek wer út.
De Umpire op it wetter by de IFKS © Omrop Fryslan
Geale Tadema
Skipper Geale Tadema mei It Doarp Eastermar liedt it klassemint, twad stiet Arend Wisse de Boer mei Drie Gebroeders en tred Tony Brundel mei Lytse Lies.
Online stjoert Omrop Fryslân it skûtsjesilen live út, mei op de radio kommentaar fan Andor Faber en Gjalt de Jong en op de livestream dogge Koos Wieling en Eelke Dykstra dat. Yn Fryslân Hjoed is jûns in analyze fan de wedstriid te sjen. En om 21.00 oere is der in wiidweidich ferslach op TV.
Folslein oersjoch fan it IFKS Skûtsjesilen by Ychtenbrêge

De folsleine deiútslach foar woansdei 22 augustus