Helikopter-ambulânse is in grut sukses

22 aug 2018 - 15:45

De helikopterambulânse yn Fryslân is in sukses. De helikopter wurdt benammen ynset foar de Waadeilannen. Nei oardel jier is de konklúzje dat de helikopter syn wearde wol hat en wurdt ek faker ynset as earder ferwachte wie.

Sûnt de start fan de hely-ambulânse yn novimber 2016 binne der 1100 flechten útfierd. Dit jier stiet de teller no al op 431. Foarhinne waard it ferfier dien troch definsje mei de saneamde SAR hely's.

De ambulânse-hely stiet stasjonearre op de fleanbasis in Ljouwert. Hjirtroch kin er yn tolve minuten op It Amelân wêze om de pasjint nei it sikehûs in bygelyks Ljouwert of Grins te bringen. Eartiids waard dit faak troch de frijwilligers fan de KNRM dien. No bart dat allinnich noch mar as it waar te min is foar de hely-ambu.

Trefwurden: 
ambulânse heli RAV
(advertinsje)
(advertinsje)